<< Werom nei sykresultaat
slop eigenskipswurd, [slɔp] slopper , slopst
Wurdboek:
Frysk Hânwurdboek
oersettingen(nl):
slap
taaleigen:
sloppe ankels/knibbels hawwe gjin sterke, spierde ankels/knibbels hawwe; gau belies jaan, net sterk yn jins skuon stean
sloppe boarsten , net spande, net-folle delhingjende boarsten
in slop(pe) hân/hantsje jaan in net-stevige hân jaan
in sloppe hannel net drokke, net folle opleverjende hannel
de hannen slop hingje litte net oanpakke, de moedfearren hingje litte
de blommen hingje slop de blommen stean net mear strak, rjochtop
in sloppe koarde net strak spande koarde
sloppe kofje/tee net sterke kofje/tee
in sloppe kul hawwe gjin ereksje hawwe
slop (fan laitsjen) wêze/jin slop laitsje tige laitsje moatte
de merk is hjoed slop der sit hjoed net folle libben yn 'e merk
in sloppe piip Dútske piip mei bûchber middenstik
sa slop as in doek/dweil/flarde/fodde/pûde/wiete skûteldoek net folle krêft, net folle enerzjy hawwend
in/de sloppe tiid in/de net-drokke tiid

1

betsjutting(fr):
los delhingjend, net strak, net spand, bûchsum, net stiif of hurd, net stevich, gau útinoar fallend, net bot spand; net folle wjerstân, spierkrêft hawwend, fan dranken|net sterk, wetterich, net trochtaastend, net flink, net folle opleverjend, fan hannel|sûnder libben
synonimen(fr):
weak, krêftleas, swak, krêftleas, swak, flau, sleau
<< Werom nei sykresultaat