De Staveringshifker is beskikber foar ferskillende programma’s en bestjoeringssystemen.
Klik hjir om nei de side mei downloads te gean
DownloadeTaalweb Frysk is in helpmiddel foar elkenien dy't Frysk skriuwe wol. Op dizze website, ûntwikkele troch de Fryske Akademy, wurdt jo in ferskaat oan fergees digitaal skriuwark oanbean.
Op Taalweb Frysk fine jo:
3 april 2020:
septimber 2020: Der binne nije ferzjes fan de staveringshifkers foar Word en Outlook.
As jo de melding 'Kin gjin ferbining meitsje mei de server' krije, dan moatte jo de âlde ferzjes opromje en de nije ferzjes ynstallearje.
augustus 2018: Nije staveringshifkers foar Word en Outlook
De staveringshifkers (de plug-ins) foar
Microsoft Word
en
Outlook
binne fernijd. De nije hifkers meitsje ferbining mei in oare server, it gefolch is dat de âlde ferzjes net mear funksjonearje.
Jo kinne de nije ferzjes fine op de downloadside fan Taalweb:
https://taalweb.frl/downloads.
Gean nei de
Staveringshifker plug-insfoar Word
en
Outlook.
Tink derom dat jo de goede ferzje (32 of 64 bits) downloade en ynstallearje (
sjoch Ynstruksjes foar ynstallaasje
)..
Foardat jo de nije plug-ins ynstallearje moatte jo earst de âlde ferzjes opromje. Gean dêrfoar nei
Configuratiescherm → Programma's en onderdelen.
Klik op
Fryske Staveringshifker foar Word/Outlook
(útjûn troch Gridline B.V.) oan en klik op
verwijderen.
Ynstallearje dêrnei de nije hifkers (it kin in pear tellen duorje ear't de
installer
úteinset).
Hawwe jo help nedich? Hawwe jo in fraach of wolle jo in ûnkrektheid melde? Mail ús fia: taalweb@fryske-akademy.nl
De Staveringshifker is beskikber foar ferskillende programma’s en bestjoeringssystemen.
Klik hjir om nei de side mei downloads te gean
DownloadeYn 'e offisjele stavering fan it Frysk (sjoch Paadwizer Fryske stavering) binne sûnt 30 jannewaris 2015 in tal lytse oanpassingen fan krêft. Mei dy oanpassingen komme de staveringsregels fan it Frysk en de wize sa't wurden yn 'e praktyk stavere wurde tenei wer oerien. In beheind tal wurden hat dêrmei lykwols in oare skriuwwize krigen. Hjirûnder kinne jo in oersjoch fan oanpassingen en omstavere wurden ynlade.