Kolofon

Taalweb Frysk is troch de Fryske Akademy yn ’e jierren 2011-2014 ûntwikkele yn opdracht fan ’e Provinsje Fryslân. Taalweb Frysk bestiet út de Foarkarswurdlist foar it Frysk, de Staveringshifker, de Oersetter en it Wurdboekportaal. Dêrneist wurde op dizze website de staveringsregels fan it Frysk útlein.

De redaksje fan it projekt wie yn hannen fan Anne Dykstra, Pieter Duijff, Frits van der Kuip en Hindrik Sijens.

De neifolgjende minsken hawwe op de iene of oare wize holpen by it meitsjen fan it Taalweb:
Fryske Akademy: Richard de Boer, Siebren Dyk, Derk Drukker, Kobe Flapper, Anke van Gorkum, Liesje Haanstra, Eric Hoekstra, Gerbrich de Jong, Beart Oosterhaven, Wytske Rypma, Bouke Slofstra, Janneke Spoelstra, Nika Stefan, Doete Stienstra, Geart Tigchelaar, Arjen Versloot, Willem Visser, Truus de Vries en Andries van Weeren.

Oaren: Rianne Blokzijl (oplieding Frysk, NHL Hogeschool, Ljouwert), Fedde B. Dijkstra (Oersetburo It Ljocht), Jarich Hoekstra (Christian-Albrechts-Universität, Kiel), Tanneke Schoonheim (Instituut voor Nederlandse Lexicologie, Leiden) en Rik Schutz (Nederlandse Taalunie, 's-Gravenhage).

Foar de technyk is gearwurke mei de Radboud Universiteit Nijmegen en GridLine (Amsterdam).

Logo-ûntwerp: GPNo, De Jouwer.

De Provinsje Fryslân hat de Fryske Akademy finansjele stipe jûn foar it meitsjen fan Taalweb Frysk.