
De Oersetter is in webapplikaasje dy’t automatysk Fryske teksten nei it Nederlânsk ta oersette kin en oarsom. Dêrby wurdt gebrûk makke fan technology dy’t troch de Radboud Universiteit Nijmegen ûntwikkele is.
Lês fierder...
It ark is basearre op in korpus mei teksten dy’t digitaal yn it Frysk en it Nederlânsk beskikber binne. It seit him dêrby sels dat wat grutter it korpus is, wat grutter de kâns ek is op in korrekte oersetting. Wat dat oanbelanget sitte wy mei it Frysk net foaroan. It korpus telt 2,5 miljoen wurden yn elke taal. Dat liket hiel wat, mar it komt krap om. Alle oersettingen moatte jo dêrom noch wol goed neisjen. Dêrneist is de Oersetter noch net oanpast oan ’e meast resinte staveringsoanpassingen.
Ferbergje...