0 Foarôf

De staveringsregels foar it Frysk geane foar in grut part lykop mei dy foar it Nederlânsk. By it skriuwen fan dizze paadwizer is dan ek tankber gebrûk makke fan Ludo Permentier syn ‘Leidraad’ yn de Woordenlijst Nederlandse Taal (2005). Fierdere nuttige literatuer: D. Eisma & J. Popkema, Tiidwurden (2002) (7e pr.), J. Hoekstra, Fryske Wurdfoarming (1998) en J. Popkema, Grammatica Fries (2006).