12 Genitiven fan haadwurden

Yn it Frysk is it wenst om in genityf- of besitsferhâlding te omskriuwen mei it ferhâldingswurd fan: it hûs fan Bonne, of mei in oantsjutting fan de besitter plus in besitlik foarnamwurd: Bonne syn hûs. Likegoed hat it Frysk twa genityfútgongen, -s en, ferâldere, -e. De haadwurden dêr’t se oan hechte wurde, binne soartnammen dy’t nei persoanen ferwize of eigennammen. Dy útgongen binne lykwols net gebrûklik.