14.1 Bûgingsfoarmen fan regelmjittige -je-tiidwurden

De bûging is sa:

a) notiid inkeldtal: stam + je/zje/sje, est, et:

  • ik skrobje, do skrobbest, hy/hja/it skrobbet
  • ik skimerje, do skimerest, hy/hja/it skimeret
  • ik wâdzje, do wâdest, hy/hja/it wâdet
  • ik flechtsje, do flechtest, hy/hja/it flechtet

b) notiid meartal: stam + je/zje/sje:

  • wy/jo/jimme/hja skrobje
  • wy/jo/jimme/hja skimerje
  • wy/jo/jimme wâdzje
  • wy/jo/jimme/hja flechtsje

c) ûnfolsleine doetiid inkeldtal: stam + e, est, e:

  • ik skrobbe, do skrobbest, hy/hja/it skrobbe
  • ik skimere, do skimerest, hy/hja/it skimere
  • ik wâde, do wâdest, hy/hja/it wâde
  • ik flechte, do flechtest, hy/hja/it flechte

d) ûnfolsleine doetiid meartal: stam + en:

  • wy/jo/jimme/hja skrobben
  • wy/jo/jimme/hja skimeren
  • wy/jo/jimme/hja wâden
  • wy/jo/jimme/hja flechten

e) folsleine doetiid: stam + e:

  • ik haw/wy hawwe skrobbe
  • ik haw/wy hawwe skimere
  • ik haw/wy hawwe wâde
  • ik bin/wy binne flechte