15.1 Bûgingsfoarmen fan -je-tiidwurden

De bûging is sa:

a) notiid inkeldtal: stam + je/sje, est, et:

  • ik snookerje, do snookerest, hy/hja/it snookeret
  • ik faceliftsje, do faceliftest, hy/hja/it faceliftet

b) notiid meartal: stam + je:

  • wy/jo/jimme/hja snookerje
  • wy/jo/jimme/hja faceliftsje

c) ûnfolsleine doetiid inkeldtal: stam + e, est, e:

  • ik snookere, do snookerest, hy/hja/it snookere
  • ik facelifte, do faceliftest, hy/hja/it facelifte

d) ûnfolsleine doetiid meartal: stam + en:

  • wy/jo/jimme/hja snookeren
  • wy/jo/jimme/hja faceliften

e) folsleine doetiid: stam + e:

  • ik haw/wy hawwe snookere
  • ik haw/wy hawwe facelifte