15.2 Bûgingsfoarmen fan -e-tiidwurden

a) notiid inkeldtal: stam + 0, st, t:

  • ik barbecue, do barbecuest, hy/hja/it barbecuet
  • ik skate, do skatest, hy skatet

b) notiid meartal: stam + e:

  • wy/jo/jimme/hja barbecueë
  • wy/jo/jimme/hja skate

c) ûnfolsleine doetiid inkeldtal: stam + de/te, dest/test, de/te:

  • ik barbecuede, do barbecuedest, hy/hja/it barbecuede
  • ik skatete, do skatetest, hy/hja/it skatete

d) ûnfolsleine doetiid meartal: stam + den/ten:

  • wy/jo/jimme/hja barbecueden
  • wy/jo/jimme/hja skateten

e) folsleine doetiid: stam + d/t:

  • ik haw/wy hawwe barbecued
  • ik haw/wy hawwe skatet