16.15 Haadletters oan it begjin fan in sin

It earste wurd fan in sin wurdt mei in haadletter skreaun:

  • It is moai waar.
  • Ik wit it net.

As de sin mei in apostrof begjint, wurdt it earste, ûnfolsleine wurd mei in lytse letter skreaun en it dêrop folgjende folsleine wurd mei in haadletter:

  • ’t Is moai waar.
  • ’k Wit it net.

As de sin mei in sifer of symboal begjint, wurdt it earstfolgjende wurd mei in lytse letter skreaun:

  • 20 aaien sitte yn in snies.
  • $ is it dollarteken.