18.2 Net-gearstalde wurden en ôfliedingen mei in efterheaksel dat mei in lûd begjint

a) tusken twa oaninoarfolgjende lûden wurdt ôfbrutsen as se net ien klank oantsjutte:

  • fi-oele
  • klei-er
  • ree-en

b) ien bylûd tusken twa lûden giet by it ôfbrekken nei de folgjende rigel:

  • gie-lich
  • ka-bi-net
  • roa-zen
  • spi-ker

Opmerking: it efterheaksel -eftich hâldt en draacht him as in part fan in gearsetting:

  • giel-eftich

c) by mear as ien bylûd jildt:

(i) yn eigen wurden en yn frjemde wurden mei in /ə/-lûd (stomme e) yn it folgjende wurdlid bliuwt by it ôfbrekken op syn minst ien bylûd stean en geane fan de oare safolle nei de folgjende rigel ta as dat yn in kanonike Fryske begjinkloft stean kinne. Under in kanonike Fryske begjinkloft wurde beflapt alle bylûdkloften dy’t oan it begjin fan in eigen Frysk wurd stean kinne, plus de stimhawwende rûzers z, v en g en de ferbiningen zj, vj en gj:

  • beles-ting
  • brim-stich
  • fer-vje
  • fidús-je
  • garaaz-je
  • mas-ter
  • sied-zje
  • wal-gje

(ii) yn frjemde wurden mei in fol lûd yn it folgjende wurdlid geane alle bylûden nei de folgjende rigel foar safier’t se in kanonike Fryske begjinkloft foarmje en foar safier’t der gjin betizing oer de útspraak fan it benefterbliuwende lûd ûntstiet:

  • foe-draal
  • ka-straat
  • kli-sjee
  • pu-blyk
  • re-zjy
  • se-bra

mar:

  • bes-tiaal (net: be‑stiaal)
  • lus-trum (net: lu‑strum)
  • pros-taat (net: pro‑staat)
  • skis-ma (net: ski‑sma)