19 Ynrjochting fan de Foarkarswurdlist foar it Frysk

De Foarkarswurdlist foar it Frysk befettet goed 83.000 stekwurden dy't almeast helle binne út de Taaldatabank fan de Fryske Akademy, it Frysk Hânwurdboek (2008), it Juridisch Woordenboek Nederlands-Fries (2000), it Frysk Wurdboek Frysk-Nederlânsk (1984), it Frysk Wurdboek-Nederlânsk Frysk (1985), de Wurdlist foar it offisjele ferkear (1989) en út materiaal fan it world wide web.

De list jout grûnwurden, gearstallingen, ôfliedingen, eigennammen, toponimen mei de dêrfan ôflate foarmen, ôfkoartingen en wurden yn wurdgroepen. Foar de stavering fan gearstalde wurden dy't net yn de Foarkarswurdlist steane, jout de staveringsfoarm fan de grûnwurden útkomst. De wurden binne stavere neffens de troch Provinsjale Steaten fan Fryslân fêststelde staveringsregels.