Ofbrekpunten
Efter it stekwurd en efter de bûgingsfoarm stiet tusken kante heakken de foarm mei ôfbrekpunten. Binnen ien artikel krije likense foarmen allinnich ôfbrekking by de earstneamde foarm:
- aad haadwurd de & it, aden [a.den], aadsje [aad.sje]
- aadlik [aad.lik], eigenskipswurd, aadlike [aad.li.ke], aadliker [aad.li.ker], aadlikst [aad.likst]
- bern haadwurd it, bern, berntsje [bern.tsje]
- earje [ear.je], tiidwurd, doetiid: eare [ea.re], mulwurd: eare
- rioelsjoernalistyk [ri.oel.sjoer.na.lis.tyk], haadwurd de
Haadwurden
By haadwurden wurde it byhearrende lidwurd, en it meartal en de ferlytsing jûn. As it allinnich yn it meartal foarkomt, kriget it haadwurd de oantsjutting ‘meartal’. By it jaan fan meartallen en ferlytsing is safolle as mooglik útgien fan de taalpraktyk en net fan wat teoretysk mooglik is:
- bak haadwurd de, bakken [bak.ken], bakje [bak.je]
- bêd haadwurd it, bêden [bê.den], bedsje [bed.sje]
- geäksel [ge.ak.sel], haadwurd it
- kosten [kos.ten], haadwurd meartal
- pisgryt [pis.gryt], haadwurd
Eigenskipswurden
By eigenskipswurden wurde de bûgde (attributive) foarm, de fergrutsjende trep en de oertreffende trep jûn. By it jaan fan de treppen fan ferliking is safolle as mooglik útgien fan de taalpraktyk en net fan wat teoretysk mooglik is:
- blyn eigenskipswurd, bline [bli.ne], bliner [bli.ner], blynst
- ferstuivere [fer.stui.ve.re], eigenskipswurd
- hypersoan [hy.per.soan], eigenskipswurd, hypersoane [hy.per.soa.ne]
Tiidwurden
By tiidwurden wurde neist de nammefoarm de tredde persoan doetiid en it ôfslutend mulwurd jûn:
- seure [seu.re], tiidwurd, doetiid: seurde [seur.de], mulwurd: seurd
- kleie tiidwurd, doetiid: klage [kla.ge], mulwurd: klage
- krantlêze [krant.lê.ze], tiidwurd, doetiid: krantlies [krant.lies], mulwurd: krantlêzen [krant.lê.zen]
- oppakke [op.pak.ke], tiidwurd, doetiid: pakte op [pak.te op], mulwurd: oppakt [op.pakt]
Oare wurdsoarten
By de oare wurdsoarten wurdt allinnich it stekwurd mei de eventuele ôfbrutsen foarm en de wurdsoarte jûn:
- de lidwurd
- foarsafier't [foar.sa.fier't], bynwurd
- hupsakee [hup.sa.kee], útropwurd
- immen [im.men], foarnamwurd
- Israel [Is.ra.el], eigennamme
- njonken [njon.ken], ferhâldingswurd
- twahûndert [twa.hûn.dert], telwurd
- tige [ti.ge], bywurd
Ofkoartingen
By ôfkoartingen en symboalen wurdt tusken heakken oanjûn wêr't de ôfkoarting foar stiet:
- b. en w. (boargemaster en wethâlders)
- m.g. (mei groetnis(sen))
- mg (miligram)
Wurdgroepen
Wurdgroepen, ferbiningen en útdrukkingen binne alfabetisearre op it kearnwurd fan sa'n utering:
- Aachje: in nijsgjirrich Aachje [Aach.je]
- kantroeren: sûnder kantroeren [kant.roe.ren]
- katrine: oan 'e snelle katrine wêze [ka.tri.ne]