2.5.3 Feroaring fan lûdtekens

Feroaring fan lûdtekens docht him foar by de koarte lûden /i/, /ü/. Yn in sletten wurdlid wurde se mei y respektyflik ú skreaun, mar yn in iepen wurdlid mei i respektyflik u. Foarbylden: dyk - diken, ik snút - wy snute. Dêr is in útsûndering op as de y oan in wurdein stiet. As sa’n wurd nammentlik in meartals- of ferlytsingsútgong kriget, bliuwt de y yn iepen wurdlidposysje stean. As it wurd mei de einichste y it earste lid fan in gearstalling is, feroaret dy likemin yn in i. Foarbylden: aliby, strategy; bibliografyke, melodyke; nassyfleis, passyfrucht.