3.2.1.6 /ə/

a) werjûn as e yn ûnbeklamme lytse wurdsjes, yn ûnbeklamme wurdlidden yn mearliddige wurden en yn foar- en efterheaksels:

  • de, er; azeme, dolle, fallisemint, sjenant, tonne, wurdebrij; be-, fer-, ge-; -elje, -ens

b) werjûn as i yn ûnbeklamme lytse wurdsjes, yn ûnbeklamme wurdlidden yn mearliddige wurden en yn efterheaksels:

  • in, it; sigaar, santjin; -ich, -lik, -tich

c) werjûn as u yn it efterheaksel -sum en yn de útgong ‑um yn plaknammen:

  • bûchsumer, learsume; Akkrum