1.2.1 oe en û

It Frysk hat trije ferskillende oe-lûden, te witten it koarte ienlûd /u/, it lange ienlûd /u:/ en it twalûd /u.ə/. Dy wurde op dizze wize stavere:

  • /u/ as û of oe
  • /u:/ as û of oe
  • /u.ə/ as oe

De stavering fan it /u.ə/-lûd is al goed beregele. Dat lûd wurdt altyd stavere as oe. Foarbylden:

  • hy koe, hy soe, hy woe, wy koene
  • doel, hy foel, soel
  • boer, djoer, oere, soer
  • boete, foet, hjoed, noed
  • fatsoen, seizoen, tsjoene
  • goes

De staveringswiziging fan 1980 skriuwt ek de regel foar dat as it /u.ə /-lûd yn ûnbeklamme posysje ferkoarte wurde kin ta in /u/-eftich lûd altyd in oe foar in r skreaun wurdt.

Foar de stavering fan it /u(:)/-lûd bestie sûnt 1945 lykwols in regel dy’t yn de praktyk ûnwurkber wie, mei fangefolgen gauris ûnberedenearre staveringsfoarmen. De regel yn 1945 is nammentlik sa dat it /u(:)/-lûd altyd stavere wurdt as û, mar mei in oe as it op in Aldfryske lange o tebekgiet. Omdat it Aldfrysk beheind oerlevere is en foar in soad hjoeddeiske Fryske wurden gjin Aldfryske wjergader te finen is, hâldt dat yn dat sokke wurden neffens dy regel mei û stavere wurde moatte soene. Lykwols hawwe de hânwurdboeken sûnt 1952 faak keazen foar in oe-stavering, dêrby grif rekken hâldend mei de besteande tradysje of it Nederlânske wurdbyld. Sa hiene wurden as poes en koeke, omdat se net yn it Aldfrysk oerlevere binne, neffens de besteande regels stavere wurde moatten as pûs en kûke.

Dat alles yn oerwaging nimmend, binne Provinsjale Steaten fan de besteande regel ôfstapt en hawwe se in praktyskenien foar kar nommen. De haadregel is bleaun dat it /u(:)/‑lûd stavere wurdt as û. Foarbylden:

  • dûbeld, ûbly
  • krûd, lûd, pûde
  • bûge, rûch, slûgje
  • opdûke, gebrûk, smûk, sûker
  • fûl, gûle, kûle, pûltsje
  • nûmer, dûm
  • fûnis, grûn, hûn, sûn, ûnder
  • glûpert, krûpe, rûpke
  • bûse, hûs, pûste, rûzje, tûzen
  • bûten, kût, mûtse

Op dy haadregel binne twa útsûnderingen:

a) as it oerienkomstige Standertnederlânske wurd in oe hat, dan hat it Fryske wurd dy ek. Dat wurdt sa dien omdat der datoangeande in staveringstradysje is. Fierwei de measte wurden mei in oe feroarje dus net. Foarbylden:

  • doe, hoe
  • poedel
  • ploech, skoech, foegje
  • hoef, proef, stroef
  • doek, hoeke, koeke, opdoeke, roek
  • boemerang, loempia
  • groep, koepel, stoepe
  • koest, oester, poes, woest
  • koets, poetse, toet

Allinnich in tige beheind tal, meast leechfrekwinte, wurden hat mei dizze regeloanpassing in oar wurdbyld krige. Foarbylden:

  • fûkepôt > foekepôt
  • jûkel > joekel
  • kalmûs > kalmoes
  • kapûs > kapoes
  • prûste > proeste
  • rûf¹ > roef
  • rûs > roes
  • tûfe > toefe
  • wûpsty > woepsty
  • bazoeka > bazûka
  • boek(ebeam) > bûk(ebeam)
  • doezebout > dûzebout
  • droech > drûch
  • goelasj > gûlasj
  • haboes > habûs
  • joetse > jûtse
  • keboef > kebûf
  • koetsebei > kûtsebei
  • noegje > nûgje
  • spoek > spûk
  • stoef > stûf
  • útroegje > útrûgje

b) de bûging fan in beheind tal ûnregelmjittige tiidwurden hat yn de ûnfolsleine en folsleine doetiid foar it /u(:)/-lûd de stavering oe of û.

Foarbylden:

  • drage - droech - droegen
  • ferdwine - ferdwûn - ferdwûn
  • jaan - joech - jûn
  • rinne - rûn ­- rûn

Der wurdt net fan de besteande staveringstradysje ôfwykt. Troch dy stavering wurdt yn guon gefallen dúdlik ûnderskied makke tusken de notiid oan de iene kant en de ûnfolsleine doetiid oan de oare kant. Tink oan: ik lûk (notiid) - ik loek (doetiid).

¹Lûd, feroarsake troch in flugge beweging.