1.2.4 Frjemde wurden (algemien)

De yn 1982 fêststelde regels foar it staverjen fan frjemde wurden jouwe oan hoe’t nije wurden út oare talen, gewoanwei frjemde wurden neamd, harren oan de Fryske stavering oanpasse moatte. Meastentiids giet dat yn de praktyk wol reedlik goed, mar as men dy regels hiel strak hantearret, wat de regeling min ofte mear foarskriuwt, kinne der rare wurdbylden ûntstean. Sa wurde neffens dy regels de wurden coach, jazz, lits-jumeaux en souper wol stavere as kootsj, dzjêz, lisjumo en sûper.

Yn guon gefallen wurde neffens dy regels wurden stavere sa’t se as frjemde wurden yn ús taal kaam binne. Yn de Foarkarswurdlist sille benammen Ingelske wurden ûnferoare opnaam wurde.