5 Apostrof

De apostrof of it weilittingsteken is in lêsteken om oan te tsjutten dat by it útsprekken ien of mear letters (yn wurden) of sifers (yn getallen) weilitten wurde. As de apostrof midden yn in wurd stiet, komt der net in spaasje foar de apostrof. Foarbylden binne: dy’t, sa’nen, wêr’t. Wurdt mei de apostrof it begjin fan in wurd weilitten, dan moat der wol in spaasje foar de apostrof set wurde. Foarbylden binne: dat moat ’k dwaan, hja sit op ’e brêge, hy hat ’t dien.

Yn guon gefallen binne weilittingen ferplichte, yn oare gefallen net. Yn bygelyks Kristus’ dea moat de twadde s weilitten wurde, mar it is net ferplichte en skriuw it wurd ik as ’k yn dat mei ’k (= ik) dwaan.

De apostrof kin stean:

a) oan it begjin fan in wurd of getal, bygelyks

  • ’k sjoch ’m (= ik sjoch him), ’t soe yn ’e rin fan ’e middei (= it soe yn de rin fan de middei), de tocht fan ’63 (= de tocht fan 1963)

Opmerking: yn formeel taalgebrûk wurde weilittingen mei help fan in apostrof by foarkar net brûkt, mar wurde de wurden folút skreaun. Yn fêste ferbiningen lykas fan ’t hjerst is de apostrof lykwols ferplichte.

b) yn de midden fan in wurd, bygelyks

  • foar’t (< foardat), Friez’ne frijheid (= Friezene frijheid)

c) oan de ein fan in wurd, bygelyks

  • ik sjo’ (= ik sjoch), wy binn’ (= wy binne), pake’ ponge (= pake+e ponge), Kristus’ dea (= Kristus+s dea)

Opmerking: foaral yn literêr taalgebrûk, fanwegen rym of ritme.

d) yn in gearlûking fan twa wurden, bygelyks

  • sa’n (< sa ien), wêr’t (< wêr oft)

De apostrof wurdt fierders brûkt om in wurd werkenber te hâlden wannear’t der in útgong of efterheaksel oan taheakke wurdt (sjoch ek 7.2.d, 7.2.e, 10.f, 11.f, 12.1.b):

  • CDA’er
  • sms’e