Yn it Wurdboekportaal binne fjouwer wurdboeken fan ’e Fryske Akademy opnommen. Standert kin socht wurde yn alle wurdboeken, yn it Frysk en it Nederlânsk, op trefwurd, yn oersettingen en definysjes. By de sykopsjes kinne jo sels it filter ynstelle en sadwaande ek sykje yn taaleigen, synonimen, sprekwurden en farianten.
Yn it Wurdboekportaal binne opnommen:
Oan it Frysk Hânwurdboek binne Nederlânske stekwurden taheakke, dêrtroch kin in Nederlânske sykfraach ek resultaten út dat wurdboek opsmite.
Lês fierder...
Yn in letter stadium wurde noch inkelde wurd- en terminologylisten oan dit portaal taheakke.
De brûker moat der op betocht wêze dat de ûnderskate wurdboeken en -listen net altyd deselde kar makke hawwe oangeande haadfoarmen en farianten. De skriuwwize fan guon wurden is yn ’e wurdboeken ek net altyd gelyk. Yn de Foarkarswurdlist foar it Frysk is besocht om de ienheid en dúdlikheid te jaan dy’t yn ’e wurdboeken wol ris mist. Dy’t dat wol kin by twivel de Foarkarswurdlist rieplachtsje, of syn of har tekst troch de Staveringshifker helje.
Ferbergje...